De koma-korrektor

Baukje Zijlstra

 
 

paperback/ gebrocheerd: € 17.50

ISBN: 9789492176806, March 2018, FRY
Formaat: 21.1 (h) x 14.2 (b) x 2.4 (d) cm. Gewicht: 372 gram.

Uitgever: Stichting Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje Afûk

beschrijving

Krekt op it stuit dat Betty Vonk, korrektor by in krante, dwaande is in boek te skriuwen oer it Indië-ferline fan har heit Siemen Vonk, rekket er yn koma. Siemen hat him yn 1945 oanmelden as oarlochsfrijwilliger foar Indië, mar hat dêr tidens de aksje in befel wegere. Wylst Siemen - fertize yn hallusinaasjes - yn it sikehûs leit, giet Betty op ûndersyk út nei it wêrom fan dy wegering.

Wilens is der by de krante in reorganisaasje geande dy't Betty twingt sels ek in kar te meitsjen. Mar hoe dochst dat as der mear fragen as antwurden lykje te wêzen, en wat makket dat in minske "nee"seit as it derop oankomt? Safolle partijen, safolle ferhalen, mar ien ding is wis: it ferhaal kin altyd wer opnij ferteld wurde.

Baukje Zijlstra (1967) is redakteur en skriuwer, en hat ferhalen publisearre yn ûnder oaren Ensafh, Friesch Dagblad en Revisor. Se hat ferskate prizen wûn foar har ferhalen, wêrûnder trije kear in Rely Jorritsmapriis. De Koma-Korrektor is har debútroman.

  1. Leg in mijn winkelwwagen!

Meer boekennieuws op Facebook.