Mei it godsmystearje

Diel 3 fan 'In Fryske Odyssee'

Willem Tjerkstra

Tip: stuur dit boek door naar iemand anders! 
 
Mei it godsmystearje

paperback/ gebrocheerd: € 18.95

ISBN: 9789463389419, 314 blz., October 2020, FRY
Formaat: 23.1 (h) x 15.2 (b) x 3.0 (d) cm. Gewicht: 511 gram.

Uitgever: Aspekt B.V., Uitgeverij

beschrijving

Mei it Godsmystearje is it tredde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint.



Yn it earst boek, Mei it Mystearje, wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant hy begjinnend boer wurdt (1960).



It twadde boek, Mei Russyske Mystearjes, giet ûnder oare oer it libben fan Bouke Blomhof yn de jierren 1961 oant en mei 1967. Belangrike ûnderdielen yn dit boek binne de Russyske keunst en literatuer yn relaasje ta de polityk.



Yn it tredde boek wurdt de libbensskiednis fan Bouke fan ein 1967 oant en mei begjin 1969 fierder beskreaun. In wichtige boarne is it Deiboek fan de boer en ‘filosoof’.



It godsmystearje komt benammen nei foaren yn de beskriuwing fan kleastermienskip Iona, yn de teksten oer de ynfloed fan de evangeeljeferkundiger Columba, yn de skiednis fan It Heidenskip en yn it projekt ‘Trije-ienheid fan ferhalen’ fan de boeddhistyske muonts Chai.



De auteur giet yn it tredde boek wer by guon mystearjes lâns om út te kommen by de ‘neakene wierheid’.

  1. Leg in mijn winkelwagen!

Meer boekennieuws op Facebook.