Reedride op glêd iis

Josse de Haan

paperback/ gebrocheerd: € 24.95: GRATIS verzending! (NL)

ISBN: 978-90-8954-832-0, geïllustreerd, 378 blz., January 2016, Fries
Formaat: 21.0 (h) x 14.5 (b) x 2.6 (d) cm. Gewicht: 600 gram.

Uitgever: Uitgeverij Elikser

trefwoorden: bondel, proaza, poëzy, literatuerkrityk, essays, analyzes, anarkys, kollaazjes, literatuerhistoarje, eigen wurk

Bondeling literaire essays ensfh fan Josse de Haan

Dizze bondel ferheljend en polemysk proaza, poëzy, literatuerkrityk, essays, analyzes, anarkys, kollaazjes, ensfh. is de fjirde yn de rige eigen wurk dy’t Josse de Haan sûnt 2005 gearstald hat – Kastanjes Poffe (2005), Kidelstiennen heine en slaan (2007), Frozen moonlight yn myn hannen (2013) en no dan Reedride op glêd iis.
Dit boek befettet op ’e nij literatuerhistoarje – oer de ôfrûne fyftjin jier (sûnt Piksjitten op Snyp op 9-9-’99 ferskynde). It jout nij wurk, c.q. nea publisearre, en artikels út ûnderskate papieren en digitale tydskriften. In pear binne yn boeken ferskynd.
Brieven oan (literêre) freonen en reaksjes op mails en blogs oer literêre ûnderwerpen jouwe wat mear sicht op it literêre bedriuw sa’t him dat yn syn eagen de ôfrûne desennia ûntwikkele hat. De kampanjes om Piksjitten op Snyp hinne kinne ferhelderjend wurkje, en jouwe in sicht op de net altiten transparante en koosjere hâlding fan ynstitúsjes, kommisjes en guon persoanen.
Syn wurk, sawol primêr as sekundêr, is de delslach fan it libjen yn twa talen, yn twa kultueren, en no – nei in fyftjin jier libjen yn in seistal talen – is it noch breder wurden.
Oan primêr poëzywurk is opnommen in rige fan 37 fersen en 14 anarkys (fisuele poëzy). Twa nea publisearre ferhalen ferskine yn dit boek. Brieven oer literatuer oan kollega’s/freonen, gedichten oer en oan freonen/dinnen en besprekken fan wurk kompletearje de bondel. De fjouwer útjeften mei foaral sekundêr wurk jouwe in byld fan de Fryske literatuer fan de ôfrûne jierren troch syn eagen, beskriuwe ek de tûkelteammen dêr’t je as skriuwer yn in lyts taalgebiet mei te krijen hawwe. De oergeunst ek.

WINTERWILLE

iisbaan glimt as flakstrutsen folle moanne - laket
reedrider streket fan lofts nei rjochts - dûnset
winterlûd sjit yn kadâns oer skaden - resonearret

bûgde rêch teart skouders linich yn ‘e foarm – faasje
twa izers snije fearkjend oer de iisplaneet – ritmyk
45-gradebocht tilt rjochterskonk oer lofter – lykwicht

rappe rider heakket rêde rydster oan syn earm - iispearke

Inkijkexemplaar:

  1. Leg in mijn winkelwwagen!

Meer boekennieuws op Facebook.