paperback/ gebrocheerd: € 13.95
ISBN: 978-90-8954-791-0, 100 blz., September 2015, Fries
Formaat: 20.0 (h) x 12.5 (b) x 1.0 (d) cm. Gewicht: 138 gram.
vertaald door: Klaas Bruinsma
trefwoorden: midsieuwen, religie, Utert, Buurkerk, klûs, non, devoat, Broeders des Gemenen Levens
Midsieuske opfettings oer religieuze ûnderwerpen
Suster Berta, yn it Nederlâns bekend as Zuster Bertken
(1427-1514), wie de ûnechte dochter fan de pryster
Jacob van Ligtenberg, proast fan it kapittel fan de Sint
Piterstsjerke fan Utert. In grut diel fan har libben hat
hja - op eigen fersyk - ynmitsele west yn in klûs oan 'e
bûtenkant fan de Buurkerk yn Utert, dy't hja op eigen
kosten bouwe litten hie. Dy klûs hie twa finsters; troch
it iene koe hja sjen op it alter, troch it oare seach hja
wat op 'e strjitte barde.
Yn har sel rjochte hja har alhiel op God, libbe har
libben yn strange ûnthâlding, joech rie oan
foarbygongers en hold harsels dwaande mei spinnen
en weven. Én mei skriuwen.
Twa jier nei har dea ferskynden by de printer Jan
Berntsen yn Utert twa boekjes, it saneamde
Passyboekje oer it lijen en stjerren fan Kristus en Suster
Bertkens boek, har eigen opfettings oer sân religieuze
ûnderwerpen.
Har wurk falt binnen de tradysje fan de Moderne
Devoasje fan de Broeders des Gemenen Levens, dy't
de neifolging fan Kristus sintraal stelden.
Klaas Bruinsma hat it wurk fan suster Berta oerset yn
treflik Frysk.