Samle fersen

Pyt van der Burg

paperback/ gebrocheerd: € 13.95

ISBN: 978-90-8954-475-9, 70 blz., October 2012, Fries
Formaat: 21.0 (h) x 14.5 (b) x 0.7 (d) cm. Gewicht: 120 gram.

Uitgever: Uitgeverij Elikser

trefwoorden: treurliet, fersen, Frysk, natuerlyryk, leed

Swietlûdich treurliet fan jongferstoarne dichter

No is it heechste lok my jûn,
Dat ea in minske op ierde fûn;
Ik fiel it om my hinne
En dochs soe ’k skrieme kinne.

Yn 1934 is it boekje ‘Fersen’ fan de jong ferstoarne Pyt van der Burg útkommen.
Yn ‘De Tsjerne’ fan desimber 1957 binne de net earder publisearre gedichten fan Van der Burg ferskynd, mei in ynlieding fan Dr. Y. Poortinga. Tegearre binne se no bondele yn dit boek.
Poortinga skriuwt oer Van der Burg: “It wurk fan Pyt van der Burg is in ‘swietlûdich treurliet’, krekt as de skriezerop. It is foar in grut part natuerlyryk, mar troch de blydskip om it belibjen fan de natuer hinne brekt hieltiten wer de klacht oer it eigen net te hieljen leed.”
Pyt van der Burg is de soan fan Jan Linses van der Burg (de skriuwer fan ‘It Heitelân’). Hy waard berne yn 1893 te Boazum, en ferstoar yn 1922 oan tb.
Fan hûs út Fries en Frysksinnich, rekke er oan it skriuwen nei in swiere sykte en ûnder ynfloed fan de Jongfryske beweging. Syn fersen waarden skreaun fan 1918-21, en ferskynden foar it grutste part yn ‘Frisia’.

  1. Leg in mijn winkelwagen!

Meer boekennieuws op Facebook.