paperback/ gebrocheerd: € 9.50
ISBN: 978-90-77948-72-9, 80 blz., May 2012, Fries UITVERKOCHT!

Uitgever: Uitgeverij PENN.nl

trefwoorden: Likegoed, sneu, Boersma, Rein, Glimke, humor, Poes, muis, bundel, korte verhalen, Wûnseradiel, Sudwest fryslân

Likegoed sneu

Soms giet it oars as men wolle soe. Jo kappe in beam en hy falt der ferkearde kant út. Jo ferlizze in panne op ’t dak en de ljedder ferskoot.
Dat binne dan noch lytse ûngemakken, hoewol’t in cabriodak ferhipte djoer wêze kin en in gipsfoet min rint. En it is ek wol ferfelend as oaren der om glimkje of, noch slimmer, spytgnyskje. Mar hoe pynlik kin it wêze as der écht wat mis giet! Yn ‘e leafde bygelyks, mei in moai rier of mei in kaptaaltsje dat men oergarre hat.

‘Likegoed sneu’, seit men dan, as men it goed mient mei de dupearde. Men gunt it sa ’n ien net, mar it is wolris wat in treast as it in oarenien oerkomt. Dêrom dat hast ûnfertaalbere ‘likegoed’. De stikjes yn dizze bondel binne skreaun mei leafde foar minsken en, wêr’t it past, in kromke humor. Tige werkenber en troch de meinimmende styl gaadlik om stikje foar stikje te lezen, miskien wol foar te lezen. Och, seit men dan, ‘it is dochs likegoed wol sneu’.

Rein Boersma (*Skettens, 1953) wie sûnt 1998 wethâlder fan Wûnseradiel foar ’t dy gemeente opgong yn Súdwest-Fryslân. Hy is no noch altyd boer. Fierder is Boersma histoarikus en minsken kenne him as man mei in glimke yn it praat. Noait raze, komselden skatterje, mar geregeld glimkje. Sa’t dat by in Fries út ‘e greidhoeke boppe Boalsert past.

Meer boekennieuws op Facebook.

ingezonden mededeling: