e-Boek (ePub): € 6.50
ISBN: 978-90-8954-394-3, May 2012, Fries

Uitgever: Uitgeverij Elikser

It oansjen fan de Fryske literatuer.

Der is gjin Frysk boek dat sa’n lange en sa’n fûle diskusje losmakke hat as Fabryk (1964). Dêrby gong it de meast útsprutsen foar- en tsjinstanners úteinlik beide om it oansjen fan de Fryske literatuer. Ien fan de opfallendste eleminten yn Fabryk is it idee fan de ik-figuer om in died te stellen om dêrmei de oerflakkich tinkende oaren de eagen te iepenjen. Dat wurdt foar de Fryske Raskolnikow in obsesje, dêr’t er yn fertiist en yn neare wanen en dreamen geastlik oan kapot giet. It boek makket as gehiel in ambivalinte yndruk. Oan de iene kant is it leadswier, mar oan de oare krijt it faak krekt dêrtroch wat komysk. Boppedat kinne sênes mei stereotype ideeën ek lêzen wurde as uteringen fan de skriuwer syn nocht oan ûnnocht. Men wit wat dat oangiet net gau wêr’t men mei him oan ta is.

Meer boekennieuws op Facebook.

ingezonden mededeling: