Net altyd brandewyn mei rezinen

Reitze Beintema

paperback/ gebrocheerd: € 22.95: GRATIS verzending! (NL)

ISBN: 978-90-8954-424-7, geïllustreerd, 320 blz., April 2012, Fries
Formaat: 21.0 (h) x 14.5 (b) x 2.1 (d) cm. Gewicht: 508 gram.

Uitgever: Uitgeverij Elikser

trefwoorden: libbensferhaal, boerelibben, boerebedriuw, feearts, yndustry, ynternasjonale karriêre, Australië

Fryske feearts begjint karriêre yn Australië

Yn dit boek fertelt Reitze Beintema syn opmerklike libbensferhaal. Hy waard berne op it Fryske plattelân as soan fan in boer. Hy beskriuwt hoe’t er opgroeit yn de drege tritiger jierren en hoe’t er yn de oarloch ûnderdûkte om oan it wurkjen yn Dútsklân te ûntkommen. Hy studearret foar fee-arts en docht in protte ûnderfining op yn de praktyk fan syn skoanheit. Smout en smaaklik fertelt er wat in feearts op it Fryske plattelân sa foar en nei meimakket. In feearts is neffens him benammen in persoan dy’t problemen oplost en altyd hannelet, nea foar saken út de wei giet. Nei tolve jier docht hy syn praktyk fan de hân en komt yn it bedriuwslibben terjochte, by Philips Duphar, it bedriuw dat him letter de kant fan in ynternasjonale karrière út triuwt, yn Australië. Tegearre mei in tal oaren pionearret er by it ûntwikkeljen fan medisinen foar it fee en syn ûnderfining as feearts komt him dêrby tige fan pas. Dat it libben foar him net altyd like noflik ferrint, beskriuwt er ek in dit boek.

  1. Leg in mijn winkelwagen!

Meer boekennieuws op Facebook.