Sint Brandaan yn fjouwerfâld

paperback/ gebrocheerd: € 17.95
ISBN: 978-90-8954-425-4, geïllustreerd, 237 blz., March 2012, Fries
Formaat: 20.0 (h) x 12.5 (b) x 2.3 (d) cm. Gewicht: 288 gram.

Uitgever: Uitgeverij Elikser

vertaald door: Eibert van der Veen; Klaas Bruinsma

trefwoorden: midsieusk, Iersk, seefarder, abt, hillige, aventoer, leginde, kleaster, mystearje, wûnders

Fjouwer wurken oer de abt en seefarder Brandaan

Sint Brandaan is in Ierske abt - en hillige - út de twadde helte fan ’e sechsde ieu. Hy wurdt ferneamd omt er yn Ierlân mannich kleaster stiftet. Lykwols stiet syn wíere libbensrin yn ’t skaad fan alderhanne leginden oer him.
Hy wurdt de seefarder neamd omt er oer it wetter syn missys útdraacht. Foar de midsieuske minske is de wrâld noch fierhinne in mystearje. De wide see, it swide lân dêrefter, alles moat noch ûntdutsen wurde.
De leginden beskriuwe kleurrike en merakelse wûnders. Wêr’t de lju gjin aan fan ha, ferklearje se mei har eigen optinksels, lykas hjoeddedei by science fiction.

Fjouwer ferneamde wurken oer Brandaan binne hjir yn ’t Frysk byinoar swile. De oersetting út it Latyn is fan Eibert van der Veen, Klaas Bruinsma hat de oersetting en beriming fan ’e Middelnederlânske tekst fersoarge.
In moai-folsleine samling oer Sint Brandaan yn geve taal. In treflike oanfolling op ’e hieltyd groeiende Fryske bibleteek fan oersettingen.

Meer boekennieuws op Facebook.

ingezonden mededeling: