paperback/ gebrocheerd: € 20.00: GRATIS verzending! (NL)
ISBN: 978-90-8566-014-9, 247 blz., July 2011, Fries UITVERKOCHT!

Uitgever: Uitgeverij Elikser

trefwoorden: Fries, Winnaar Piter Jelles priis 2011, familieroman, familigeschiedenis, joods, tweede wereldoorlog, immigranten

De rol dy’t ymmigranten yn Fryslân spile ha

Yn de histoarise roman ‘Oerfeart’ fiert Aggie van der Meer petearen mei har joadske foarfaar en har Dútse beppe. Dêrfor hellet se har oer fan it Ryk fan ’e Dea nei dat fan it Libben.

‘De âlden fan Markus Sekkel wienen net om ’e nocht út de Dútse lannen wei nei de Republyk fan ’e Ferienige Nederlannen flechte, al wisten se dat se ek dêr net mei iepen earmen ferwolkomme wurde soenen. Se moasten om te begjinnen noch mar ôfwachtsje oft se de nedige papieren krije soenen. Dat soe ynearsten rêst jaan. Al it oare dêr’t minsken nei útsjogge: in hûs, in knappe nearing, it goed meiïnoar buorjen, wie tajefte. Wêr’t se wis fan wêze koenen wie de foarriedige treast fan lotgenoaten.’

Foar ‘Oerfeart’ krige Aggie van der Meer yn 2011 de Piter Jelles Priis. Ta gelegenheid dêrfan waard it boek opnij útbrocht troch Utjouwerij Frysk en Frij yn 'e mande mei Utjouwerij Elikser.

Parse oer har romans:
Lytse roman fan Jon Fels
In konsintrearre masterwurkje, skreaun yn in mearke-eftige styl.
(Ynternettydskrift Farsk)
Gefoel foar sfeartekening en skerpsinnige psychology.
(Literêr tydskrift Hjir)

Untdekking fan de wrâld:
De earste twa haadstikken lêze as in trein, omreden fan de mylde humor, de poëtyske styl. Elk haadstik fan it lêste skift is in fynbeslipe juwieltsje.

Meer boekennieuws op Facebook.

ingezonden mededeling: