Moriaan, de Swarte Ridder

 
 

paperback/ gebrocheerd: € 15.50

ISBN: 978-90-8954-313-4, 161 blz., July 2011, Fries
Formaat: 20.0 (h) x 12.5 (b) x 1.4 (d) cm. Gewicht: 202 gram.

Uitgever: Uitgeverij Elikser

vertaald door: Klaas Bruinsma

trefwoorden: middeleeuwen, roman, ridder, Moor, eer, trouw, queeste

Midsieusk ferhaal mei swarte ridder as haadpersoan

Moriaan, de swarte ridder, is net de Kweade yn persoan. Mar, bûten dat er in swarte rissing oan hat, hat er ek in hielendal swarte hûd. As sadanich jaget hy by in bulte minsken de skrik der yn. Mar net by Walewein en Lanselot, dy’t nei in earste skermessearring ienriedich mei him op ’en paad tsjogge, fral as se merke dat Moriaan in kristen is.
De queeste fan Moriaan is dy nei syn heit Aglawal, de broer fan Persewal. Aglawal hat destiids as krúsridder by in Moarske frou in bern oanset. Hy hat syn eed fan trou oan de frou brutsen troch net wer by har werom te kommen, omt hy op syk moast nei de ferdwûne Lanselot.
No, fjouwerentweintich jier letter, komt Moriaan nei Brittanje om syn heit te sykjen, om syn mem dêrmei rjocht te dwaan, en om syn rjochtmjittich besit op te easkjen.
Yn dit aventoerlike ferhaal komme we alle bekende midsieuske eleminten tsjin, sa as in jonge faam yn it nau dy’t befrijd wurde moat, in rôversbinde, in klûzner dy’t rie jout, in meunster dat rûnom eltsenien yn ’e besnijing hat, en fansels in falske ridder. Om syn doel te berikken fjochtet Moriaan earst hiel wat ôf. En hoe’t it ôfrint ... ?

In ferhaal fol eare en trou, goed en kwea, trochsetten, boete dwaan en oerwinnen. Mei in bulte psychologysk ynsjoch en in hast hjoeddeiske frisheid set de midsieuske skriuwer syn karakters en dialogen del.
Treflik oerset troch Klaas Bruinsma, dy’t hjirmei al wer in peareltsje tafoeget oan syn rige fan oersette midsieuske titels: Marike fan Nijmegen, Floaris en Blankefloar, Walewein, Fergút.

  1. Leg in mijn winkelwagen!

Meer boekennieuws op Facebook.