paperback/ gebrocheerd: € 16.95
ISBN: 978-90-8954-294-6, 228 blz., April 2011, Fries
Formaat: 21.0 (h) x 14.0 (b) x 2.0 (d) cm. Gewicht: 328 gram.
e-Boek (ePub): € 7.00
ISBN: 978-90-8954-370-7, April 2011, Fries

Uitgever: Uitgeverij Elikser

trefwoorden: TDE, Fryske klassiken, priiswinners, boereroman, gjirremiet, psychology, skiednis

Boereroman oer de deune gjirremiet Hessel Ypma

Haadpersoan Hessel Ypma is net in sympatyk personaazje. Hy is stoef en swijsum, in rêsteleaze wrotter en wramer, en tagelyk in grutte ynklauwer, want jild is foar him it iennichste dat telt. Hessel makket slachtoffers en dy lit Akkerman syn lêzers sjen. Mar Hessel sels feroaret gjin sprút. It ferhaal spilet him ôf yn in wrâld dy’t net mear bestiet. Mar de Hessel Ypma’s binne fan alle tiden: fûle, deune gjirremiten mei wa’t jo eins begrutsjen hawwe moatte.
Paulus Akkerman skreau Hessel Ypma yn it lêste oarlochsjier. De roman stiet yn de tradysje fan de Fryske ‘boereroman’. It boek ferskynde foar it earst yn 1949 yn de Fryske Bibleteek. Dizze fjirde printing is in werútjefte fan de tredde út 1993 yn de rige ‘Fryske Klassiken i’, mei in neiwurd fan Tineke Steenmeijer-Wielenga.

De iennichste fraach dy’t Hessel Ypma ús stelle kin is: Hat it noch sin om op dizze wize fierder te breidzjen oan de stikken fan in te lette Frysk realistyske hoas, fierder te woekerjen mei de talinten dy’t út fean, klaai en terpmodder dold wurde? Ik leau fan net. Akkerman is in knap prozaïst op in te smel front. Hessel Ypma bewiist it fannijs.

Anne Wadman yn De Tsjerne yn 1949

De ynhâlden manier wêrop’t syn personaazjes prate, litte jin hiele wrâlden fan emoasjes riede. Mar dy manier fan fertellen typearret it hiele proaza fan Akkerman. Fral syn Frysk en net
sasear de roman Hessel Ypma mei om dy reden neffens my dan ek ‘klassyk’ hjitte.

Jelle Krol yn de Leeuwarder Courant yn 1993

Meer boekennieuws op Facebook.

ingezonden mededeling:

Bot detected - pagehit Not For our stats.