It libben in dream

Simen Oetie

paperback/ gebrocheerd: € 16.95
ISBN: 978-90-8954-248-9, 181 blz., September 2010, Fries
Gewicht: 300 gram.

Uitgever: Uitgeverij Elikser

trefwoorden: Reisferhaal, leafde, betizing, mankelikens, humor, kleurryk, roman yn ferhalen

Kleurrike roman yn ferhalen prachtich nij lûd

“De minsken om him hinne sieten ek yn harren sels keard, hja swijden en wannear’t de eagen him skril mar wach as in hûn meunsteren, fielde er him mei harren ferbûn troch in fier ferline dêr’t er gjin aan fan hie, mar dat rûkte as pake syn piip. Doe seach er himsels yn in smook sweven, oplitten yn dizze reis. Heech yn it blau: koe in ballon iensum wêze? In bûle ivich pronkje? Romke ferfeelde him net mear by it rút, hy litte.”

It libben in dream nimt de lêzer mei yn in wûnderlik belibjen fan Romke, in gewoane jongen fan it plattelân. Romke dangelet om yn ’e wrâld tichteby en aventoeret omfierrens. As fotograaf leit er it libben fêst. Hy hat idealen en in langstme nei leafde en freonskip.
De ferhalen hearre ta de reis- en leafdesliteratuer en binne bûntkleurich as it libben sels. In ûnferwachts en prachtich lûd yn de Fryske literatuer.

Meer boekennieuws op Facebook.

ingezonden mededeling: