De besleine spegel

Fedde Schurer

paperback/ gebrocheerd: € 16.95

ISBN: 978-90-8954-190-1, geïllustreerd, 224 blz., April 2010, Fries
Formaat: 21.0 (h) x 14.0 (b) x 2.1 (d) cm. Gewicht: 368 gram.

Uitgever: Uitgeverij Elikser

trefwoorden: TDE, Nije biblioteek, Friese klassieker, autobiografy, skiednis, Kneppelfreed, humor

Meinimmend en persoanlik ferhaal oer eigen libben

Yn dit boek fertelt Fedde Schurer op meinimmende wize oer syn eigen libben. Ferfrissele mei it persoanlike elemint jout it ek in stik sosjale en kulturele skiednis, dat de skriuwer fûl meibelibbe hat as dichter en skoalmaster, as sjoernalist en yn ’e polityk. Twaris hat er it middelpunt fan gâns opskuor west: yn de ‘Lemster skoalkwestje’ fan 1930 en mei ‘Kneppelfreed’ yn 1951. Mar der is folle mear: syn ûnderskate redakteurskippen, de fersen en de psalmberimings, syn toanielstik Simson, syn protest tsjin it mandemint fan de bisskoppen yn 1954. De besleine spegel waard postúm publisearre yn 1969. Yn itselde jier kaam in Nederlânske oersetting út troch J.H. Brouwer. It is ek no noch in weardefol dokumint fan en oer ien fan de grutte figueren út de eigentiidske Fryske skiednis, oer wa’t yn 2010 in biografy ferskynde fan Johanneke Liemburg.
Dizze tredde printing is de werútjefte fan de twadde printing út 1998. It neiwurd is fan T. Steenmeijer-Wielenga.


Yn dit kostlike boek stiet Fedde Schurer wer deun by ús. His soul is marching on, syn geast libbet troch.
Inne de Jong yn de Leeuwarder Courant

It binne de humor, de selsrelativearring mar ek de myldens dêr’t Schurer mei weromsjocht op konflikten, dy’t syn beskriuwing bysûnder meitsje.
Reitze J. Jonkman yn it Friesch Dagblad

It pleitet foar Schurer dat er kenlik yn ’e gaten hie dat syn spegel fan it ferline ‘beslein’ wie en dat er wist dat hy in persoanlik, fertekene byld joech.
Jan Pieter Janzen yn Trotwaer

  1. Leg in mijn winkelwagen!

Meer boekennieuws op Facebook.