It kritysk kerwei

Resinsjes en skôgingen 1950-1970

Anne Wadman

paperback/ gebrocheerd: € 19.95: GRATIS verzending! (NL)
ISBN: 978-90-8954-204-5, 332 blz., April 2010, Fries
Gewicht: 404 gram.
e-Boek (ePub): € 7.00
ISBN: 978-90-8954-436-0, April 2010, Fries

Uitgever: Uitgeverij Elikser

trefwoorden: TDE, Nije bibloteek, Friese klassieker, kritiken Het Vrije Volk, skerp, Europeesk peil

Bondeling kritiken Wadman Het Vrije Volk

Dizze bondel mei in kar fan Wadman út syn kritiken en skôgingen út de jierren fyftich en sechstich kin sjoen wurde as in ferfolch fan Kritysk konfoai út 1951 (ek yn de ‘Nije biblioteek’ opnommen). It meastepart fan de kritiken hat stien yn de Frysk-literêre rubryk dy’t Wadman fan 1953 oant 1962 fersoarge yn de Fryske edysje fan Het Vrije Volk.
Ut de ynlieding: ‘As der yn dit kritysk wurk foar de Fryske proazaliteratuer oer in oerhearskjende tendins te bespeuren falt, is it de langst nei mear originaliteit fan tematyk, nei mear romte, geografysk én mentaal, om it faak benypte Fryske fermidden hinne en nei mear ambachtlikheid yn it skriuw-métier. De rop om ‘Europeesk peil’, dy’t fuort nei 1945 sa lûd en sa faak opklonk, is hjir net folle mear fan te fernimmen.’

De fernijingen út de jierren sechstich koe Wadman net kritysk begeliede, omdat er doe al ophâlden wie by Het Vrije Volk. ‘Sadwaande is Trinus Riemersma de dûns ûntsprongen en haw ik ek figueren as Ypk fan der Fear en Rink van der Velde net konsekwint as resinsint folgje kinnen. Yn de poëzykritiken sil de opmerksume lêzer faaks de tekens bespeure dat de skriuwer […] letter it kontakt mei ‘de poëzy’ frijwat kwytreitsje soe.’
It boek befettet in sa folslein mooglike bibliografy fan Wadman oer it tiidrek 1950-1971.
Dizze twadde printing is de werútjefte fan de earste printing út 1990.

Meer boekennieuws op Facebook.

ingezonden mededeling:

Bot detected - pagehit Not For our stats.