De rook fan it lân

Ulbe van Houten

paperback/ gebrocheerd: € 16.50

ISBN: 978-90-8954-158-1, 203 blz., April 2010, Fries
Formaat: 21.0 (h) x 14.0 (b) x 1.8 (d) cm. Gewicht: 326 gram.

Uitgever: Uitgeverij Elikser

trefwoorden: TDE, Nije Biblioteek, Friese klassieker, boeren, platteland, symbolyk, humor

Kostlike ferhalenbondel oer boeremienskip

Yn de ferhalebondel De rook fan it lân bringt Ulbe van Houten de lêzer werom nei it Fryslân fan alear mei syn boeren, gerniers en arbeiders. It wie in sletten plattelânsmienskip dêr’t elk syn plak hie en de stânsferskillen net te oerbrêgjen wienen. Van Houten lit dy machtsûngelikens wol sjen, mar hy is yn syn wurk gjin sosjaal strider. Syn Fryslân is de idyllyske enklave dêr’t foar it kwea gjin duorjend plak is. De earste printing fan De rook fan it lân wie in samling fan acht ferhalen út ferskate publikaasjes fan it Kristlik Frysk Selskip en ferskynde yn 1943. De twadde printing kaam krekt 20 jier letter út, mei fjouwer nije ferhalen en ien weilitten. Dit boek is in werútjefte fan de tredde printing út 1994. It neiwurd is fan Trinus Riemersma.

Yn it ferhaal De beam, ien fan de moaiste sketsen, betoant Van Houten him in master yn de keunst fan it beskriuwen. It ferhaal sit fol symbolyk en poëzy.
Jelle Krol yn de Leeuwarder Courant

Ulbe van Houten is in rasferteller, dy’t sfear wit te skeppen en dy’t syn taal wit te brûken. Syn Frysk is geef sûnder argaïstysk te wurden.
H. Keuning yn De Stiennen Man

Hy kin feiten en persoanen yn inkelde halen dúdlik en raak op papier krije. Syn wurk is natuerlik en minsklik en der spilet in kostlike humor trochhinne.
Durk van der Ploeg yn Frysk en Frij

  1. Leg in mijn winkelwwagen!

Meer boekennieuws op Facebook.