In fatsoenlik famke

Ypk fan der Fear

paperback/ gebrocheerd: € 17.50

ISBN: 978-90-8954-184-0, 248 blz., April 2010, Fries
Gewicht: 388 gram.

e-Boek (ePub): € 7.50

ISBN: 978-90-8954-377-6, geïllustreerd, April 2010, Fries

Uitgever: Uitgeverij Elikser

trefwoorden: TDE, Nije biblioteek, Friese klassieker, autobiografy, iepenhertich, ferhelderjend

Iepenhertige autobiografy oer fammejierren

Dit boek is de postúm ferskynde autobiografy fan Ypk fan der Fear. De skriuwster sjocht werom op de earste tweintich jier fan har libben. Se groeit op yn in boerehúshâlding en giet nei in kristlike legere skoalle op fiif kertier rinnen. Op de kweekskoalle skriuwt se har earste Fryske sketsen. Se fynt dêrnei al gau in baan as ûnderwizeres, giet op Fryske les en hat belangstelling foar de Fryske beweging. As har freondinne komt te ferstjerren, beseft se dat har fammetiid foarby is. Ferskate figueren út de boeken fan Ypk fan der Fear binne basearre op persoanen út har jeugd. Dêrom is Fan der Fear har autobiografy benammen nijsgjirrich foar de leafhawwers en kenners fan it fiksjonele wurk fan de skriuwster.
Dizze printing is de werútjefte fan de earste printing út 1984.


Mei in foar Fryslân seldsume iepenhertigens en earlikens stalt se de feiten, wjerfarren, de aventoeren en uterlike sawol as ynderlike ynfloeden út fan har earste tweintich libbensjierren.
Jo Smit yn De Strikel

Ik soe yn de Fryske literatuer gjin oare autobiografyen neame kinne dêr’t de auteur him/har sa ûnberongen yn priisjout as Ypk fan der Fear it docht yn harres.
Freark Dam yn de Leeuwarder Courant

In ferhelderjend boek oer de tiid fan doe en ûnder hokker omstannichheden men doe grut wurde moast, sûnder mei de blynkape op troch it libben gean te wollen.
Jan van der Veer yn de Balkster Courant

  1. Leg in mijn winkelwagen!

Meer boekennieuws op Facebook.