Moai waar en lange dagen

Jan Wybenga

paperback/ gebrocheerd: € 14.95
ISBN: 978-90-8954-186-4, 139 blz., April 2010, Fries
Gewicht: 228 gram.

Uitgever: Uitgeverij Elikser

trefwoorden: TDE, Nije biblioteek, Friese klassieker, oantinkens, Noardwâlde, humoristysk

Persoanlike oantinkens oan jongfeintetiid

Yn dit boek fertelt Jan Wybenga oer syn berne- en jongfeintetiid yn de jierren tweintich en tritich yn Noardwâlde en Wolvegea. It befettet njonken twa ynliedende ferhalen fiif ‘provinciales’, dêr’t er in sterk persoanlik en humoristysk-relativearjend byld jout fan de tiid dat er opgroeide. Yn 1992 brocht Hjir in spesjaal Wybenga-nûmer út, mei ûnder oare in bewurke ferzy fan de skripsje dy’t Jarich Hoekstra oer Wybenga makke.
Dit boek is de werútjefte fan de earste printing út 1981.

In dichterlike, geastige en foaral ek skerpsinnige ynterpretaasje fan skriuwers eigen jeugdjierren. En tagelyk in moaie, suver bûnte karakteristyk fan in gea en in tiid (Weststellingwerf, jierren ’30) sa’t de auteur dy yn har twingende wikselwurking ûndergien hawwe moat en op ús wit oer te bringen.
Freark Dam yn de Leeuwarder Courant

Moai waar en lange dagen is mear as de ‘keale’ autobiografy dêr’t guon besprekkers it foar oansjoen ha. It is in autobiografyske roman mei in moai dúdlike algemiene tematyk.
Jarich Hoekstra yn syn skripsje oer Wybenga

De lêzer komt hjir yn de kunde mei in wize fan oanbieden fan autobiografysk materiaal dy’t ôfwykt fan de wenstige yn dy sin, dat men ûnder it lêzen mar amper oan de persoan fan de autobiograaf tinkt, mar mear yn it algemien oan in Fryske doarpsjonge fan fjirtich, fyftich jier lyn.
Tiny Mulder yn it Friesch Dagblad

Meer boekennieuws op Facebook.

ingezonden mededeling: