Swarte ingels

Willem Schoorstra

paperback/ gebrocheerd: € 16.95

ISBN: 978-90-8954-199-4, 238 blz., April 2010, Fries
Gewicht: 378 gram.

e-Boek (ePub): € 7.00

ISBN: 978-90-8954-399-8, April 2010, Fries

Uitgever: Uitgeverij Elikser

trefwoorden: TDE, Nije biblioteek, Friese klassieker, ûnmooglike leafde, drama, broer en suster

Unmooglike leafde tusken broer en suster

Al op de earste side fan dit boek giet de lêzer werom fan it no nei it begjin fan it ferhaal: de striid tusken de heit en de mem oer de opfieding fan Hilbrand en syn suske Fardou. De heit wol dat de bern sportyf binne, de mem set se op it spoar fan de literatuer. It ferhaal wurdt ferteld troch Hilbrand. Hy rekket fereale op syn suske, mar lit earst neat skine. As sy syn gedichten fynt, fertelt sy dat se itselde foar him fielt. Wat in lokkige relaasje liket, hoe geheim ek, rint dramatysk ôf. It leafdesferhaal tusken broer en sus spilet him of tsjin it dekôr fan de santiger jierren. Net allinne de haadpersoan, mar ek de lêzer beseft dat it yn dit ferhaal om in ûnmooglike leafde giet. It boek ferskynde yn it Nederlânsk ûnder de titel Zwarte engelen yn oersetting fan de auteur sels.
Dizze twadde printing is de werútjefte fan de earste printing út 2004.


Schoorstra jout it tema fan de ynsestueuze leafde op in knappe manier foarm. Op fernimstige wize wit er de lêzer hyltyd wer yn spanning te hâlden.
Jabik Veenbaas yn de Leeuwarder Courant

Firtuoas as in flinter, mysterieus as de dea en opwinend as de leafde.
Bert Kobus op Doar.nl

De skriuwer beskikt net allinne oer in moaie natuerlike styl; de komposysje doocht ek hielendal.
Jetske Bilker yn Farsk jierboek 2004

  1. Leg in mijn winkelwagen!

Meer boekennieuws op Facebook.