It Freark Jabiks folk

Paulus Akkerman

paperback/ gebrocheerd: € 15.95
ISBN: 978-90-8954-177-2, 171 blz., April 2010, Fries
Gewicht: 274 gram.
e-Boek (ePub): € 6.50
ISBN: 978-90-8954-371-4, April 2010, Fries

Uitgever: Uitgeverij Elikser

trefwoorden: TDE, Nije biblioteek, Friese klassieker, boereroman, rike styl, pleats, leafde, lok

Roman oer skipperslaach en winkellju

Dit boek fertelt it ferhaal fan de bern en oantroude bern fan Freark Jabiks, in laach fan skippers en winkellju. Hiel gewoane minsken, wrotters en wramers, dy’t dreame fan in better bestean. Frearkje, de âldste dochter, offeret har hiele libben op, earst foar heit en dan foar har jongste broer Teade. Mei him fart se jierrenlang op de âlde snikke. Ek stiet se noed foar Durkje, de jongste dochter. Hja is troud mei arbeider Auke dy’t dreamt fan in eigen spultsje en hieltyd jild fan oaren nedich hat.
Paulus Akkerman skreau dizze roman yn de oarlochsjierren, earst as fúljeton foar it tydskrift
Yn ús eigen tael. Utjouwer Brandenburgh fan Snits publisearre it yn 1946 yn boekfoarm.
Dit boek is de werútjefte fan de tredde printing út 1994. It neiwurd is fan T. Steenmeijer-Wielenga.

Akkerman syn boek jout in staal fan ûndjip Frysk realisme, mar dat mei leafde en tagedienens de fynste brokjes fan it libben bepluzet...
Anne Wadman yn de Tsjerne

Troch de kostlike taal sjocht men hieltyd it glimkjen fan de skriuwer.
Jelle Krol yn de Leeuwarder Courant

Paulus Akkerman wit syn persoanen ta libben te bringen en se prachtich te karakterisearjen.
Jan Jongsma yn it Friesch Dagblad

Meer boekennieuws op Facebook.

ingezonden mededeling: