Jan Drost, hynders en hynderark

Sytse Jouta

paperback/ gebrocheerd: € 12.95
ISBN: 978-90-8954-025-6, geïllustreerd, 92 blz., May 2008, Fries
Gewicht: 128 gram.

Uitgever: Uitgeverij Elikser

trefwoorden: Levensverhaal, groot gezin, paarden, landbouwwerktuigen

Tige autentyk stikje Fryske skiednis

Leafde foar it boerelibben en mei foto’s fan in bysûndere samling boere-ark

" Werom wurdt my dat gund, wêrom helpe minsken my.
Fansels tinke dy ek, oars dan wurdt sok spul mar wei.

Mar wêrom garje ik sok ark, it tsjinnet dochs gjin doel?
Ik kin dat net mei wurden sizze, it is wer myn djip gefoel.

It is dat hingjen oan dy moaie tiid, dy tiid dy’t net mear is.
Ik ha dy tiid noch preaun, it wie myn moaiste sûnder mis.”

Yn dit boek fertelt Jan Drost it ferhaal fan syn libben as jonge út in húshâlding fan 16. Yn prachtige, sfearfolle taal fertelt er hoe’t it der by harren thús oan ta gong. Der waard altyd hurd wurke, want, sa’t heit Drost sei: “It iten komt hjir net fansels op ’e tafel.” Mar der wie ek tiid om spultsjes te dwaan en gasten wiene altyd wolkom. Jan wist al jong dat hy mear fan hynders wist as fan rekkenjen en taal en kaam op in spesjale skoalle terjochte. Earst hie er it dêr op in pypfol, want in master dy’t net iens wist wat tuskenriden wie soe him wol net safolle leare kinne tocht er, mar dat foel ta. Lykwols, salang’t Jan op it lân wie, by de hynders, by heit, dy’t him alles learde, dan fielde er him yn syn elemint. Letter krige er ek ynteresse yn famkes en hie it omgean mei de leafde earder yn de slach as it rekkenjen op skoalle. Tegearre mei it famke dat him lokkich makke sette hy him ta wenjen yn in boufallich húske oan de seedyk by Ferwert. Mar dêr spile him letter ek it grutte drama yn Jan syn libben ôf. Hy hie it tige dreech om de tried wer op te pakken. Lokkich hie er syn hynders, dy’t him der altyd trochskuorre as er it dreech hat yn syn libben.
Sytse Jouta hat it ferhaal fan Jan Drost opskreaun en hy hat it skitterend ferwurde, yn passende, ienfâldige taal mei each foar it Fryske boerelibben. Troch al de ynformaasje oer it âlde boere-ark dat Jan yn syn libben sammele hat, hat it ek in protte dokumintêre wearde. Sa’t Jan altyd fuort sjen kinne oft in wein in echte Miedema is, is oan dit boek te sjen, dat it om in tige autentyk stikje Fryske skiednis giet.

Inkijkexemplaar:

Meer boekennieuws op Facebook.

ingezonden mededeling: