Fan Harns nei Goutum oer Malta

Jehannes van der Meulen

paperback/ gebrocheerd: € 17.95
ISBN: 978-90-8954-003-4, 275 blz., November 2007, Fries
Gewicht: 342 gram.

Uitgever: Uitgeverij Elikser

trefwoorden: Boatreis en fytstocht

Smaaklik reisferhaal yn humoristyske styl

Jehannes van der Meulen hie altyd niget oan de beide wite mêsten fan sa’n fiifentritich meter heech fan de izeren Aldebaran as hy by Boksum lâns nei Frjentsjer ried en ter hichte fan Lytselollum wie. It wie it skip fan syn freonen Sven en Nina. Noch in pear moannen, dan soe it in seefêste “kitsgetuigde zeilschoener” wêze. Sven kaam yn tiidneed en hie Jehannes frege om te helpen. Foar alle dagen dat er wurke koe hy in dei mei te silen yn ’e Middellânske See of om de Kanaryske Eilannen hinne. Ek al omdat er it moai fûn in freon yn need te helpen gong er op it oanbod yn. En op in goeie dei sei Sven tsjin him: “Jij moest eigenlijk ook maar mee varen naar Malta”. Hy skrok en sei der daliks oerhinne: “En op ’e fyts werom tink?” En sa is ôfpraat. Nei in tal wiken fol heechspanning wêrby’t de boat wol in nêst eamelders like, farden hja út op sneon 12 april. It wie tige kâld en der stie in hurde noardewyn. De start ferrûn mâl, sadree’t de trossen los wiene krige de wyn fet op de Aldebaran en dreau hy net te kearen nei de lege wâl. De rubberboat, dy’t útstuts, waard heal plat drukt tusken skip en dûkdalf. It betearde allegear goed en wie it begjin fan in reis mei genôch stof foar in meinimmend en mei humor skreaun boek.
De boatreis wie enervearjend, mei alle soarten waar, opsile mei dolfinen, de spanningen fan in lytse romte mei hiel ferskillende geasten. Van der Meulen skriuwt der iepenhertich oer en sparret himsels net. By de fytstocht wie der op himsels oanwiisd en it gong soms mar krekt goed. Oan fiif kear ta ûntkaam er oan in ûngemak. Hy fertelt op oangename wize oer syn wjerfarren ûnderweis, in reis dy’t sa ta libben komt. Syn styl is plezierich en fyn iroanysk. Gauris hat er de gek mei himsels. It boek hat in noflike faasje fan begjin oant ein. Syn each foar bysûndere details en syn útstapkes nei thús, de muzyk en it ferline jouwe in mearwearde oan it ferhaal.

Meer boekennieuws op Facebook.

ingezonden mededeling: