de boeken van Jan Schotanus:

Ik skriuw meast foar bern fan sa’n njoggen jier ôf. It binne gauris spannende boeken mei in miks fan aventoer, skiednis en science fiction.
Myn haadpersoanen belibje alderhande aventoeren dy’t soms troch de tiden hinne rinne.
Bygelyks yn it boek De kwestje fan Quad. De geheimsinnige professor Quad, berne yn it jier 2289, komt troch in defekt fan syn tiidmasine telâne yn it Mantgum fan 1989.

Nacht op it eilân
Paul en Eva ha op fakânsje west op Skylge en sille mei de lêste boat nei hûs ta. Stikem geane se noch even fan board om de Sirius, it skip fan Greenpeace, te besjen. Mar har boat fertrekt, en dan wurdt it echt spannend!!!

De ûnmooglike reis fan de Santa Maria
Yn 1492 sylt Kolumbus mei trije skippen de Atlantyske Oseaan op om it koartste paad nei Ynje te finen. It wurdt in spannende reis, dy'tsto meibelibje kinst yn de persoan fan Beart de skipsjonge en syn tamme rôt Beppy. Der is trouwens noch in hiel koar fan rotten ek oan board, en miskien is it wol oan dy ploech te tankjen, dat de reis rint sa't er rint.

Bor en de boef is foar de wat jongere lêzers. It hat yn 2010 de priis fan de Fryske bernesjuery wûn.
Mar ik skriuw ek graach mei oan ferhalen tegearre mei oare skriuwers lykas by de Mentha Minnemaboeken en de Traveliersrige.

Fûgelfrij yn de Canyon
Yn dit diel fan de Traveliersrige giet de famylje nei Amearika. Wat is der allegearre oan de hân by de Grand Canyon?
Ik ha ek in protte berneboeken út it Ingelsk yn it Frysk fertaald. Ien fan de earste wie fan Roald Dahl: Jappy en it sûkeladefabryk. De nijste is Lytse Daan, de wrâldkampioen, ek van Dahl. Daan wennet mei syn heit yn in wenwein en belibbet de spannendste aventoeren.

Contact met deze auteur

Van Jan Schotanus verscheen bij BoekenRoute:

“Mentha Minnema en it smokkelmystearje”
paperback/ gebrocheerd: € 7,50
Mentha Minnema komt troch autopech net yn Súd-Frankryk mar yn Straatsburch...

 

 

ingezonden mededeling: