de boeken van Doeke Sijens:

Doeke Sijens hat yn syn berteplak Hantum wenne oant er yn 1973 nei Grins gie om dêr in oplieding te folgjen oan de bibleteekakademy. Nei syn ôfstudearjen kaam er as bibliotekaris te wurkjen by de Grinzer stedsbiblioteek, de festiging fan de iepenbiere biblioteek yn de stêd, dêr’t er sûnt jierren haad fan is.
Doeke Sijens skriuwt njonken proaza yn it Frysk ek yn it Nederlânsk, tegearre mei Coen Peppelenbos skreau er de roman Tavenier, in komyske gay-soap. Twa jier letter ferskynde it ferfolch ûnder de titel Harde actie : Tavenier 2. Syn ferhalebondel Nei it lân fan palmerûzjen kaam yn 2007 út yn in Nederlânsktalige oersetting as Friese jongens en andere verhalen.
Contact met deze auteur

Van Doeke Sijens verscheen bij BoekenRoute:

“Sa’n tûzen blauwe skriften”
e-Boek (ePub): € 8,50
Yn dit boek wurdt it libben beskreaun fan Reinder Brolsma (1882-1953), ien...

 

 

Doeke Sijens