de boeken van Aggie van der Meer:

Aggie van der Meer is op 2 septimber 1927 berne yn Boalsert. Se wie aktyf yn de fredesbeweging en wie ien fan de inisjatyfnimsters fan Leefbaar Friesland, in beweging dy't him ynset foar de sosjale ferhâldings yn tsjerke en maatskippij en foar biologyske lânbou. Van der Meer is op lettere leeftyd begûn mei it skriuwen fan gedichten en proaza. Foar de fredesbeweging en Leefbaar Friesland skreau se wol altyd al artikels. Mei it skriuwen fan literêr wurk sette se útein doe't se ophold mei har oare aktiviteiten. Har debút yn boekfoarm De stêd, it bist, de ingel, mei as ûndertitel Balladeske, kaam út yn 2000 by útjouwerij Frysk en Frij. Aggie van der Meer hâldt har dwaande mei únderskate literêre sjenres. Nei har earste dichtbondel en har earste roman kaam yn 2004 in saneamde ferhaleroman fan har út: Untdekking fan 'e wrâld, yn datselde jier folge troch de dichtbondel Wachtsjen op it daagjen. Utjouwerij Frysk en Frij publisearre yn 2005 har twadde roman Pauwehôf. Har Lytse roman fan Jon Fels waard yn 2004 yn in Hollânske oersetting útbrocht mei de titel Kleine roman van Jon Fels. De histoarise famyljeroman Oerfeart ferskynde yn 2006 en dêr hat se dit jier de Piter Jelles Priis mei wûn.

Contact met deze auteur

Van Aggie van der Meer verscheen bij BoekenRoute:

“De Sneinen”
paperback/ gebrocheerd: € 17,00
Twaënfyftich gedichten oer de sneinen fan it jier. De kuiertocht, ier en betiid...

 

“In moaie dei yn ‘e hjerst - Wa rêdt Cesilia Tan”
paperback/ gebrocheerd: € 18,50
In moaie dei yn ’e hjerst Al te lang sil it net mear duorje dat se, op in...

 

“Oerfeart”
paperback/ gebrocheerd: € 20,00
Yn de histoarise roman ‘Oerfeart’ fiert Aggie van der Meer petearen mei har...

 

 

Aggie van der Meer

ingezonden mededeling: