de boeken van Jildou Elgersma:

Oer de skriuwster:
Jildou Elgersma is berne yn 1974 te Easterein gemeente Littenseradiel. Yn 2003 hat se in kursus autobiografysk skriuwen folge ûnderlieding fan Akky fan der Veer. Dizze kursus wie in oanset om fierder te gean mei it ferwurdzjen fan persoanlike gefoelens. De earste stap nei it publyk hat se setten doe’t se skewielster waard by it Gysbert Japicxhûs te Boalsert. De ôfrûne jierren hat se ferskate gedichten publisearre op de Fryske Spreukenkalinder. Faak skriuwt se oer harsels mar ek de natoer is in ynspiraasjebron.
Finzen tusken libben en dea is har earste bondel. It giet oer har wrakseljen mei it libben nei oanlieding fan in groanysk depressive stimmingstoarnis. Troch it útbringen fan dizze bondel hopet se it ûnderwurp depresje mear besprekber te meitsjen.
Contact met deze auteur

Van Jildou Elgersma verscheen bij BoekenRoute:

“Lykwicht sykje”
paperback/ gebrocheerd: € 12,95
As in koarddûnser rin ik op de line fan it libben sykje lykwicht tusken...

 

“Finzen tusken libben en dea”
paperback/ gebrocheerd: € 12,95
Stean ik foar de spegel is it krekt as stoarret in frjemd my oan. Brûk...

 

 

Jildou Elgersma