de boeken van Josse de Haan:

Josse de Haan is berne en opgroeid yn Peins, in doarp noardeast fan Frjentsjer. De Haan folge de ûnderwizersoplieding oan de Rykskweekskoalle te Ljouwert. Fan 1962 oant 1971 wie er haad fan de iepenbiere ienmansskoalle te Hjerbeam, dy't yn 1967 in twamansskoalle waard; Trinus Riemersma waard yn 1970 syn direkte kollega.
Yn 1971 krige De Haan in beneaming as learaar Nederlânsk oan de Ryksskoallemienskip te Skagen yn Noard-Hollân, dêr’t er him ek nei wenjen sette. Njonken syn wurk studearre er MO-Nederlânsk oan it Nutsseminary fan de UvA en oan de Vrije Leergangen VU, beide yn Amsterdam. Fan 1982 ôf wenne er dêr ek.
Yn 1988 sei er it ûnderwiis farwol en wijde er him alhiel oan it skriuwen. Josse de Haan festige him, neidat er wer in skoft yn Fryslân wenne hie, yn 1999 yn it Súd-Frânske grinsplak Hendaye oan de Golf fan Biskaye. Hy wennet dêr tegearre mei syn partner, de Spaansk-Baskyske skriuwster Maite Gonzalez Esnal.
Contact met deze auteur

Van Josse de Haan verscheen bij BoekenRoute:

“Reade snie en swarte hagelstiennen”
paperback/ gebrocheerd: € 16,50; e-Boek (ePub): € 6,50
Fan jongsôf hie myn eks - it superreptyl haw ik him foar mysels neamd, yn it...

 

“Reedride op glêd iis”
paperback/ gebrocheerd: € 24,95
Dizze bondel ferheljend en polemysk proaza, poëzy, literatuerkrityk, essays,...

 

“Piksjitten op Snyp”
paperback/ gebrocheerd: € 24,95
Yn dizze roman fjochtsje twa skriuwers om de oantinkens fan it jonkje De Lytsk....

 

 

Josse de Haan