de boeken van Tryntsje van der Veer:

Tryntsje van der Veer (1960) waard berne yn Nijegea, oan ’e Fluezen. Wetter,
wurden, lûd en ritme ha har yn ’e besnijing. Yn 2008 kaam sy foar in part fan ’e
wike nei Fryslân werom en pakte har memmetaal aktyf op. Stimulearre troch it
kursusoanbod by Tresoar op it mêd fan it skriuwen fan lietteksten en it dichtsjen
(Jurjen van der Meer, Eppie Dam en Abe de Vries, www tresoar.nl), kaam in
stream op gong dy’t trochrint en frijer makket. Har doel is om mei minder wurden
mear te sizzen. Elts wurd telt.
Yn 2009 kaam Binnentún út, yn 2010 Oer it wetter op ’e weagen fan muzyk en poëzij,
bondels mei een CD.
Fan Oer it wetter wie sy de gearstaller. De opbringst is ornearre foar de Stichting
Gehandicapten Watersport Grou, eigener fan it motorskip Markol (www.
msmarkol.nl). Dat skip wurdt dreaun troch frijwilligers en makket mei minsken
mei in beheining tochten oer it Fryske wetter. Har part fan de nije bondel sil ek nei
dit projekt gean. Yn it deistich libben wurket sy as psychiater yn Noard Nederlân.

Contact met deze auteur

Van Tryntsje van der Veer verscheen bij BoekenRoute:

“Brieven oan dy”
e-Boek (ePub): € 6,50
Der is in needsaak ta útwikseling, op hokker wize dan ek, om ússels te uterjen. Ik...

 

“Fan binnen út – From within”
paperback/ gebrocheerd: € 27,50; e-Boek (ePub): € 9,95
Fan binnen út is in seleksje foarjiersgedichten skreaun troch Tryntsje van...

 

“Oer it wetter”
paperback/ gebrocheerd: € 22,50; e-Boek (ePub): € 9,95
Yn de simmer fan 2010 frege Tryntsje van der Veer skriuwers, dichters en muzikanten...

 

“Oer it wetter”
paperback/ gebrocheerd: € 22,50; e-Boek (ePub): € 9,95
Yn de simmer fan 2010 frege Tryntsje van der Veer skriuwers, dichters en muzikanten...

 

“Binnentún”
paperback/ gebrocheerd: € 25,00; e-Boek (ePub): € 9,95
De debútbondel Binnentún van Tryntsje van der Veer befettet 49 haikû’s yn it...

 

 

Tryntsje van der Veer

ingezonden mededeling: