de boeken van Sytse Jouta:

Ik bin berne yn Holwerd in 1941. Ik ha in oplieding hân as metaalbewurker en ha dat wurk sa’n 40 jier dien, wêrfan 30 jier as selsstandich ûndernimmer. Doe’t ik yn 1999 as gefolch fan polyo yn myn jeugd, rêchklachten krige, ha ik myn saak ferkocht. Ik kom dan tafallich rillegau dêr nei, yn petear mei in man, dy’t in hege funksje hat yn it gefangeniswêzen.
Hy freget my oft ik der wat foar fiel, om dosint metaalbewurking yn de jeugdgefangenis yn Feanhuzen te wurden. En omdat ik wol fan útdagingen yn it libben hâld, ha ik direkt tasein dat ik dat wolris besykje wol. En dat hat de meast yndrukwekkende perioade yn myn libben oplevere. Oer dat wurk mei dy kriminele jonges in de leeftyd fan 16 oant 24 jier haw ik in bondel gefangenisferhalen skreaun. Myn motto by it omgean mei dizze jonges hat altyd west:
der is net in minske hielendal goed mar ek net in minske hielendal ferkeard, mar jim sitte mei jimme jonge libben achter de traaljes en dat is net bêst.

Contact met deze auteur

Van Sytse Jouta verscheen bij BoekenRoute:

“Jan Drost, hynders en hynderark”
paperback/ gebrocheerd: € 12,95
Leafde foar it boerelibben en mei foto’s fan in bysûndere samling boere-ark "...

 

 

Sytse Jouta

ingezonden mededeling: