de boeken van Jehannes van der Meulen:

Jehannes van der Meulen is berne op 26 augustus 1938 yn Wirdum mar al yn maaie 1939 op Ritsemasyl by Marsum rekke.Hy hat yn it doarp Marsum wenne fan 1946 ôf oant syn skieding ein 1976 en is no yn Goutum al wer 29 jier troud mei Christien van der Zee. Hja hawwe twa bern wylst der ek trije foarbern binne, mei fiif pakesizzers.
Jehannes hat by Aegon wurke fan 1955 oant hy yn 1992 troch in grutte reorganisaasje yn de WAO belâne.Syn sporten wiene foaral keatse mar ek fierljeppe, surve en skye en de lêste 20 jier racefytse. De tinksporten binne kaarte, it leafst bridge, mar ek skake en damje. De mesyk rint as in reade tried troch syn libben: al 58 jier (meast) op ‘e solo-bugel by “Ons Genoegen” yn Marsum, mar ek ponghâlder en foarsitter, foar syn tweintichste sân jier spylje yn it Ljouwerter Akkordeon Ensemble, foar 1977 tweintich jier spylman fan de Ljouwerter Skotsploech, oant 2006 goed acht jier lieder/akkordeonist fan it Goutumer Shantykoar, no al wer fiif jier trompettist fan de Oldehovekapel en sûnt febrewaris 2007 bas-bariton by Operakoar Amadeus yn Ljouwert. Boppedat in trijetal kearen in (goed) jier dirigent fan in fanfare of brassband.
De foarnaamste hobby’s binne fierder stjerrekunde, sibbekunde, aaisykje en mûnderje op De Puollen (oast fan Dronryp) fan de “Stichting Molens in Menaldumadeel”.
Contact met deze auteur

Van Jehannes van der Meulen verscheen bij BoekenRoute:

“Fan Harns nei Goutum oer Malta”
paperback/ gebrocheerd: € 17,95
Jehannes van der Meulen hie altyd niget oan de beide wite mêsten fan sa’n fiifentritich...

 

 

Jehannes van der Meulen