de boeken van Joseph Conrad:

Joseph Conrad (1857-1924) kaam te wrâld as Józef Teodor Konrad Korzeniowski yn wat hjoed-de-dei Oekraïne is (Poalen bestie doe net as ûnôfhinklik lân). Op syn sechtjinde gong de jonge Conrad nei Marseille, min ofte mear yn ballingskip, en hij meunstere dêr oan as matroas. Sa’n fiif jier letter stapte er oer nei de Ingelse keapfardij, dêr’t er it úteinlik ta kaptein brocht.
Hoewol’t it Poals syn memmetaal wie, en hij foaral yn it begjin better Frâns as Ingels koe (der waard yn syn famylje fan lege adel ek Frâns praat), begûn er toch, yn 1895, nei ûntslach nommen te hawwen, romans yn dy lêste taal te skriuwen – en hoe! Syn Ingels is fan in bûtengewoane skjintme en beskriuwend fermogen. It is ek net tafallich dat Conrad, dy’t it libben yn Ingelân pas op lettere leeftyd fan tichtbij kennen learde, suver al syn romans en ferhalen op see pleatste of yn oare lannen.
Contact met deze auteur

Van Joseph Conrad verscheen bij BoekenRoute:

“Sulver en minsken”
paperback/ gebrocheerd: € 29,50; e-Boek (ePub): € 8,50
'Der is gjin frede en gjin rêst bij de ûntjouwing fan saaklike belangen. Dy...

 

“It geheim fan Lord Jim”
paperback/ gebrocheerd: € 27,95; e-Boek (ePub): € 8,50
LORD JIM (1900) Stel, jo binne (noch mar sa'n 23-24 jier âld) earste stjurman...

 

 

Joseph Conrad